Designmeubels by Bylsma

© Omrop Fryslân
'Aanders' is de namme fan de earste searje design-meubels fan it meubelfabryk Bylsma yn Frjentsjer. Yn de kolleksje sitte ûnder oare tafels, stuollen, mar ek lampen.
Alles is makke mei each foar natuer en miljeu. Der wurde bygelyks gjin skealike lak brûkt. Untwerper Hans Daalder hat de kolleksje gearstald. Yn it fabryk yn Frjentsjer wurde al 75 jier meubels makke, mar nea mei it predikaat 'design'.