Enkête oer keapsnein Ljouwert

© Omrop Fryslân
De Christenunie yn Ljouwert befreget alle ûndernimmers yn de binnenstêd oer de keapsnein. De winkellju ha allegear in enkête krigen. De Christenunie wol sa sjen oft alle ûndernimmers sitte te wachtsjen op mear keapsneinen.
Neffens ûndernimmersferiening Leon is dat wol sa. En dat is ek sa terjochte kaam yn in nota oer de detailhannel, fan boargemaster en wethâlders. MAr de CU freget him ôf oft Leon wol foar alle ûndernimmers sprekt.