Te hurd: punt rydbewiis kwyt

12 apr 2008 - 14:05

In 20-jierrige autobestjoerder út Aldtsjerk is in punt fan syn rydbewiis kwytrekke, omdat er te hurd ried. De man hie syn punterydbewiis noch gjin moanne, doe't er betrape waard op de Lauwersseewei by Rinsumageast. Hy hie 144 op de teller stean, wylst de maksimumsnelheid dêr 100 is.

Omdat er begjinnend sjauffeur is, wurdt der ien punt fan syn rydbewiis ôflutsen. As dat noch twa kear gebeurt, is er syn rydbewiis kwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)