Brommerrider slim ferwûne
By in oanriding yn de Goudenregenstrjitte yn Ljouwert is freedtejûn in 56-jierrige man slim ferwûne rekke. De man botste mei syn bromscooter op in auto, dy't linksôfslaan woe.
It slachtoffer rekke sa slim ferwûne dat er mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht is.