Molkauto kantele by Deinum

12 apr 2008 - 13:00
  • de kantele molkwein (foto's: Aise van Beets)

By it fiadukt by Deinum is sneontemiddei in molkauto kantele. De auto is nei alle gedachten yn de bocht omgongen. De sjauffeur is mei de ambulanse nei it sikehûs brocht.

De molke moast oerpompt wurde yn in oare tankauto. Dêrnei is de wein ôffierd en moast de dyk skjinmakke wurde. It ferkear waard al dy tiid omlaat oer Ritsumasyl. Tsjin healwei fiven waard de dyk wer frijjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)