'SAR-heli's yn Ljouwert hâlde'

SAR-heli boppe it Waad
De rêdingshelikopters fan de SAR moatte op de fleanbasis yn Ljouwert stasjonearre bliuwe en net ferhúzje nei Den Helder ta. Dat stelt de twadde keamerfraksje fan de PvdA. Ljouwert hat fan âldsher in bân mei de SAR en it soe skande wêze dat te feroarjen.
De PvdA reagearret dêrmei op útspraken fan kommissaris Nijpels. Hy stelt dat de helpferliening op de eilannen ferbetteret mei fluggere heli's, mar it stânplak is dan wol Den Helder.