SP: klachten oer taksy

© Omrop Fryslân
De fraksje fan de SP yn de gemeenteried fan Ljouwert wol dat it kolleezje sa gau mooglik om tafel giet mei Taxibedriuw Wolters. Dat hat yn Ljouwert it ferfier foar minsken mei in beheining oernommen fan Connexxion.
De SP krijt in soad klachten fan minsken. It ferfier is der bot op achterút gong, sizze sy. Sa komme bestelde taksy's faak net. Klanten belje dêrom somtiden mar in oar taksybedriuw.