"Sensoaren foar seekontainers"

12 apr 2008 - 10:14

Kontainers op seeskippen moatte sensoaren krije. Lading dy't oerboard slacht is dan better op te spoaren. Dat seit boargemaster De Hoop fan Amelân. Hy ropt it regear op om der jild foar beskikber te stellen.

De Hoop wol ek dat de kontrôle op it fêstmeitsjen fan kontainers strenger wurdt. It Ryk moat him better realisearje dat it gefaarlik foar it Waad wêze kin as der kontainers mei gefaarlike stoffen oer board slaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)