De Twine wint Sjongfestival

12 apr 2008 - 08:11
  • de winnende klasse op it poadium

Basisskoalle De Twine fan Drylts hat de sechde edysje fan it Sjongfestival foar Bern wûn. De skoalle brocht op it festival yn De Lawei yn Drachten freedtejûn it ferske 'Moatte, moatte' fan Meindert Bylsma en Cees Bijlstra. De twadde priis gie nei De Wrâldpoarte fan Garyp en de tredde nei It Klimmerblêd fan Sint Nyk.

It Sjongfestival foar Bern wurdt om de twa jier hâlden op inisjatyf fan taalsintrum Cedin en Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)