Zeppelins noch net de loft yn

11 apr 2008 - 20:35

It is noch hieltyd net mooglik om mei zeppelins boppe de Waadsee te fleanen. By de Raad van State binne beswieren yntsjinne en dy moatte earst ôfhannele wurde. De Stichting Zeppelinvluchten Waddenzee woe yn juny los mei de flechten fan Harns nei de Waadeilannen.

Ferline jier makken de Waadferiening en oare natuerorganisaasjes ek al beswier. Sy binne benaud dat it fleanen mei de zeppelins skealike gefolgen hat foar de natuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)