Topsporthal moat der komme

11 apr 2008 - 19:20

De sealsportferienings yn Ljouwert binne entûsjast oer de plannen foar de bou fan in topsporthal. Neffens de ferienings moat sa'n hal der seker komme. Mar jild om oan it projekt by te dragen is der net. Dat blykte freed op in gearkomste fan in tal sportferienings út Ljouwert mei wethâlder Marco Florijn.

Florijn kaam yn maart mei it plan foar in topsporthal nei bûten. Hy hopet dat de bou yn 2012 begjinne kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)