Rûnwei Snits hast klear

de bus fan de provinsje giet as earste troch it nagelnije akwadukt yn Snits
De westlike rûnwei fan Snits is hast klear. It ferkear fanôf de kant fan Boalsert kin der sneontemoarn foar it earst del. De rûnwei is in ûnderdiel fan in noch grutter projekt wêrby't it ferkear fan de A7 om de stêd hinne laat wurdt, ynklusyf in nij akwadukt ûnder de Geeuw.
Parse en oare belanghawwenden krigen freed al in lytse rûnleiding mei ûnder oare ferkearsdeputearre Piet Adema. De rûnwei-west hat 40 miljoen euro koste.