Klacht busstasjons ûnterjochte

It Drachtster busstasjon
Ferfiersbedriuw Arriva is fernuvere oer de klachten fan it ROCOV. Yn it jierferslach fan it platfoarm iepenbier ferfier stiet dat de busstasjons fan Drachten en It Hearrenfean net goed ûnderhâlden wurde. Neffens Arriva is dat net wier.
De lampen wurde geregeld ferfongen, koartlyn is der noch skildere en it stasjon fan Drachten is twa jier lyn op 'e nij bestraat. Dy fan It Hearrenfean sels twa moanne lyn.