Kroon nei WK iishockey

© Omrop Fryslân
Hans Kroon is de iennichste spiler fan de Vadeko Flyers dy't opnommen is yn 'e seleksje fan it Nederlânsk iishockeyteam foar it WK yn 'e earste divyzje. Dat wurdt takom wike hâlden yn it Eastenrykse Innsbruck. Kroon spile yn 2003 foar it lêst foar de nasjonale ploech. Hy tanket syn seleksje oan syn ynset en lytse tal strafminuten.
Flyers oanfaller Marco Postma giet net mei nei Eastenryk troch in blessuere.