Ljouwerter Krante folle letter

Der wiene freed problemen mei de drukparse fan de LC
De Friese Pers hat problemen mei it printsjen fan de Ljouwerter Krante fan freed. Dêrtroch krije de minsken de krante yn de measte gefallen letter yn de bus. Troch in steuring yn de elektronika fan de drukparse kin de krante nei alle gedachten pas fanôf ien oere printe wurde.
It wurdt in oanpaste krante mei mar in pear edysjes en sûnder kultuerbylage. Dy komt no sneon by de krante. It Friesch Dagblad is freed ek letter.