Plysje achter fytsedieven oan

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslan sil de kommende tiid strang kontrolearje op stellerij fan fytsen. Alle jierren wurde der yn Fryslan sa'n 5000 fytsen stellen.
De kontrôles moat der foargje dat dit tal hurd werom rint. De plysje wol graach dat minsken oanjefte dogge. Dan ûntstiet der in goed byld. In stellen fyts soarget foar in soad argewaasje by de slachtoffers. De plysje wol dêrom hjir de kommende tiid echt wurk fan meitsje.