'Igli slachtoffer Kebabkiller'

De 41-jierrige Turkse hoarekabaas Tevlik Igli út Ljouwert soe mooglik deasketten wêze troch in saneamde 'Kebabkiller'. Dêr oer berjochtet moarnskrante De Telegraaf.
Igli soe mooglik op kommando fan it Turks misdiesyndikaat fermoarde wêze, omdat Igli in protte jild liend hie fan dit syndikaat. De moard yn Ljouwert hat neffens de Telegraaf in protte oerienkomsten mei fergelykbere misdriuwen yn Dútse stêden.