Yge Visser no 4de op NK skaken

10 apr 2008 - 20:20

Yge Visser hat tongersdei syn partij op it NK skaken tsjin Daan Brandenburg wûn. Sipke Ernst spile remise tsjin koprinner Jan Smeets. Ernst stiet no tredde mei 5 punten, Visser stiet fjirde mei 4 punten en Brandenburg moat it dwaan mei in tsiende plak mei 2 en in heal punt.

Op in dield earste plak steane Smeets en Stellwagen mei 5 en in heal punt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)