Kolk en Scholma remise op NK

Gerlof Kolk: wer remise
Gerlof Kolk fan Ljouwert hat ek yn syn twadde partij op it NK damjen yn Emmeloord remise spile. Hy moast it yn dy partij opnimme tsjin Martin Dolfing. Kolk hat no 2 punten en stiet dêrmei op in dield tredde plak. Auke Scholma, de oare Fries op it NK kaam ek net fierder as remise tsjin Jeroen van der Akker. Scholma hat krekt as Gerlof Kolk no ek twa punten.
Baljakin en Meijer stean op it earste en twadde plak.