Nije skif foar Hamburger

10 apr 2008 - 18:00
  • Sjoerd Hamburger en syn nije skif

Roeier Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap wol mei in nije skif goud helje op de Olympyske Spelen. By syn roeiferiening Orca yn Utrecht is syn boat doopt.

De skif is fan itselde type as dy't er koartlyn brûkte by it EK. Mar dizze is noch krekt wat lichter en hat noch minder wjerstân yn it wetter. De Fryske roeier traint sa'n tolve kear yn de wike as tarieding op de Spelen dy't yn augustus yn Sina binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)