Twongen ûntslaggen net útslute

10 apr 2008 - 17:18

Friesland Foods en Campina kinne net útslute dat by de fúzje gjin twongen ûntslaggen falle. Sa'n 500 banen binne oerstallich. Doel is om de minsken in nije funksje te jaan, mar dat hinget ôf fan de ûntwikkelings yn de takomst. De nije koöperaasje wol syn oanbod oan produkten fergrutsje en mear sekerheid oan de oansletten boeren jaan.

De fúzje is noch net definityf. Der moat tastimming fan Brussel komme. Dat kin wol in healjier duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)