IM yn heger berop yn saak Ooms

Iepenbier Ministearje en haadfertochte geane yn heger berop yn de saak Ooms
Heger berop yn de saak Ooms. Sawol it Iepenbier Ministearje as de fertochte âld-Haulerwykster binne it net iens mei de 18 jier selstraf dy't de rjochtbank oplein hat. De âld-Haulerwykster ûntkent dat er belutsen wie by de dea fan Ooms.
It IM wol dat de man toch TBS mei twangferpleging oplein krijt. Neffens de offisier fan justysje kin it net sa wêze dat je gjin tbs krije at je wegerje mei te dwaan oan ûndersyk.