Ljouwert knapt likehúske op

10 apr 2008 - 16:57
  • it likehúske wurdt lang om let opknapt
  • wannear't it begraafplak oanpakt wurdt, is net dúdlik

It fertuteaze likehúske op it âlde begraafplak yn Ljouwert moat in grutte toeristyske lûker wurde. De gemeente hat lang om let jild útlutsen foar de restauraasje. Ferline jier die it likehúske mei oan it TV-programma De Restauratie. Ljouwert wûn doe net.

De gemeente wol fan it likehúske in ynfosintrum meitsje. It wurk begjint nei de simmer en moat dit jier klear wêze. De kosten binne 200.000 euro. Ek it grûnwetterpeil wurdt oanpakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)