Bettere beoardieling lab

it lab fan it Wetterskip skoart better
It laboratoarium fan Wetterskip_Fryslân makket de lêste jierren hieltyd minder flaters. Dat docht bliken út in beoardieling fan de Raad_voor_Accreditatie. Dy besjocht de resultaten fan it lab. Ien kear yn de fjouwer jier is der in ekstra strange kontrôle. De foarige kear wiene der 37 fouten en no wiene dat tsien. It giet om lytse fouten dy't net fuortdalik skealik binne.