Aldste boarterstún is 75 jier

© Omrop Fryslân
Boarterstún Gerard Dou yn Ljouwert bestiet tongersdei 75 jier. De boarterstún yn Huzum-West is dêrmei nei eigen sizzen de âldste fan Fryslân. Tagelyk mei de boarterstún waard ek de wykferiening oprjochte.
It 75-jierrige bestean wurdt op de oprjochtingsdei noch net fierd. Dat wurdt yn maaie dien mei in grut feest yn de boarterstún en it neistlizzende wykgebou.