Swimplakken op ynternetside

Op de side is te sjen wêr't se binne en watfoar foarsjenningen der by binne.
De provinsje hat alle swimlokaasjes yn Fryslân op syn ynternetside set. It giet om 52 offisjele plakken yn bûtenwetter. Op de side is te sjen wêr't se binne en watfoar foarsjenningen der by binne.
De provinsje wurket de side ek geregeld by mei aktuele ynformaasje. Mocht der bygelyks om in bepaalde reden in swimferbod ynsteld wurde, lykas blau-alch yn it wetter, dan is dat ek te lêzen op de side.