Fertraging troch wrotmûs

10 apr 2008 - 00:01

De werynrjochting fan it Starteilân by Snits hat flinke fertraging oprûn. Oarsaak is de fynst fan in Noardske wrotmûs. Troch it beskerme bist hat it wurk oardel moanne stillein.

De werynrjochting fan it eilân moat op 1 july klear wêze om yn oanmerking te kommen foar in wichtige subsydzje. Dy datum wurdt no net helle. De gemeente Snits tinkt de subsydzje dochs krije te kinnen. It wurk oan it eilân kostet hast fiif miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)