Steaten wolle regeling pealrot

© Omrop Fryslân
De leden fan Provinsjale Steaten fiele harren ferantwurdlik foar de problemen troch pealrot yn Súdwest-Fryslân. Sa'n trijetûzen hûzebesitters hawwe yn dat gebiet lêst fan pealrot. Dat komt troch it ferleegjen fan it grûnwetter.
Wetterskip_Fryslân hat wol in skearegeling foar de dupearren, mar dy keart amper jild út. Provinsjale Steaten wolle dat der in bettere regeling komt.