SP kontrolearret Caparis

© Omrop Fryslân
De Socialistische_Partij wol tongersdei fan de meiwurkers fan Caparis witte oft der al ferbetterings by de sosjale wurkfoarsjenning trochfierd binne. Ferline jier kaam de partij mei in rapport mei klachten fan wurknimmers oer Caparis.
De SP hat ek ferbetterings foarsteld. Wethâlder Florijn fan Ljouwert sei ta der foar te soargjen dat dy trochfierd waarden. De SP wol tongersdei fan de wurknimmers witte oft dat ek dien is.