Banen faai by Friesland Vlees

wylst ferline wike de kuolsellen noch fol hongen, hingje der no noch mar in pear bouten
By slachterij Friesland_Vlees yn Ljouwert stean ferskate banen faai om't der wurk ferlern giet fanwege de krisis yn de fleissektor. Under de tachtich wurknimmers is grutte ûnrêst ûntstien nei de negative publisiteit oer mooglike misstannen by de slachterij. Guon wurknimmers gean al op syk nei oar wurk.
Der wurde gjin kij mear oanfierd yn Ljouwert. Der wurde allinne noch keallen slachte en ferwurke.