Nije brânwachtlju socht

09 apr 2008 - 12:37

De brânwacht fan Smellingerlân siket tsien nije kollega's. Der begjint dizze wike in kampanje om nije frijwilligers entûsjast te meitsjen foar it wurkjen by de brânwacht. Yn maaie is der in spesjale foarljochtingsjûn.

Der binne wol betingsten om by de brânwacht te kommen. Sa moatte nije brânwachtmanlju en froulju ticht by de kazerne wenje en in goede lichaamlike en geastlike kondysje hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)