'Gjin ekstra regels bolletylt'

09 apr 2008 - 11:26

De gemeente It_Hearrenfean leit de blombolletylt te bot oan bannen. Dat fynt de Koninklijke Algemene Vereeniging voor Bloembollencultuur.

De gemeente twingt bolletylders om by natuergebieten en wenwiken in strook lân fan tritich meter net te brûken. De gemeente is ûnder oare benaud foar fersmoarging troch fergif dat de tylders mooglik brûke. De blombolleferiening is it dêr net mei iens en stapt nei de Rie_fan_Steat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)