Nei klapbân tsjin beam riden

09 apr 2008 - 11:18

By in ûngelok oan de Hoofdwei yn Damwâld binne tiisdei twa minsken út De Westereen ferwûne rekke. De 80-jierrige bestjoerder rekke mei syn auto de stoeprâne. Hy krige doe nei alle gedachten in klapbân en ferlear de macht oer it stjoer. De auto ried troch de boskjes en kaam tsjin in beam ta stilstân.

Omstanners warskôgen de helptsjinsten. Dy ha de man en syn passazjier (78) nei it sikehûs yn Dokkum brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)