Fleiskrisis treft ferfierders

09 apr 2008 - 11:15

De krisis by fleisferwurkingsbedriuwen Friesland Vlees yn Ljouwert en Friesland Beef yn Damwâld hat grutte gefolgen foar de fêste ferfierders. Dy hawwe folle minder wurk.

Transportbedriuw Feenstra yn Damwâld docht al jierren it transport foar Friesland Beef en fernimt it alle dagen dat it no stil is. It bedriuw hat de trije fêste oplizzers by Friesland Beef weihelle, om't se bang binne foar mooglike fernielings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)