Botsing yn Drachten

© Omrop Fryslân
Yn Drachten binne in man út Beetstersweach en in frou út De Westereen ferwûne rekke nei't de iene autobestjoerder op de oare klapt wie.
De 60-jierrige man seach te let dat de 59-jierrige frou stopte en koe net mear op tiid ôfremje. Troch de klap rekke de frou de auto foar har. De brânwacht moast har út de auto helje. Sawol de man as de frou binne nei it sikehûs fan Drachten oerbrocht.