De Westerein sûnder publyk

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub De Westerein wol de wedstryd tsjin Velocitas op 27 april sûnder publyk spylje. De útwedstryd tsjin de Grinzers yn de 2e klasse K yn novimber einige yn in massale fjochtpartij.
It bestjoer fan De Westerein is bang dat de thúswedstryd ek út de hân rinne sil en hat no foarsteld de wedstryd sûnder publyk te spyljen. Nije wike nimt boargemaster Aalbers in beslút oer in eventueel publyksferbod.