Henk de Jong net nei Cambuur

08 apr 2008 - 14:00
  • Henk de Jong net nei Cambuur

Fuotbaltrainer Henk de Jong giet net nei Cambuur. Dat hat hy tiisdei witte litten oan direkteur Alex Pama. De Ljouwerters woene De Jong graach as fjildtrainer oan de technyske stêf taheakje.

De Jong is op dit stuit trainer fan Harkemase Boys. By dy klub wiene se benaud dat de trainer op de lange termyn mear omtinken foar Cambuur as foar Harkemase Boys hawwe soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)