Frachtwein fan talúd by Akkrum

De kantele frachtein neist de feart
In frachtwein mei sân is tiisdei by Akkrum fan it spoartalúd yn de feart gliden. Wylst de sjauffeur de kypbak omheech die, rekke de wein út it lykwicht en foel de Boarn yn. De sjauffeur is nei it sikehûs brocht.
Troch de golfslach rekke in boathúske skeind. RWS hat sa goed mooglik de ûntsnapte disel opfongen. Om't it plak neist it spoar dreech te berikken is, duorret it de hiele dei foardat de frachtwein der weihelle is.