Kontrôle Nij Saailân net goed

De kontrôle op de Saailânplannen hie folle better moatten
De kontrôle op de Saailânplannen hie folle better moatten. Troch ûnder oare flaters by de berekkening fan de konstruksje en de boukosten falt de bou 8,5 miljoen euro djoerder út.
De ried fan Ljouwert fynt dat ûnakseptabel. Moandei prate de ried oer ekstra miljoenen foar it projekt Nij Saailân. It kolleezje wol de plannen trochsette en it jild út it strategysk ynvestearingsfûns. De ried nimt oer twa wike in beslút hjiroer.