Flylân pakt oerlêst roeken oan

Op it eilân hawwe se in soad lêst fan de fûgels.
Flylân wol oan de hân fan foarljochting de oerlêst fan roeken oanpakke.
Op it eilân hawwe se in soad lêst fan de fûgels. Foaral yn de doarpsstrjitte. In protte minsken litte dêr ôffal slingerje. Dêr moat neffens it gemeentebestjoer feroaring yn komme. Sa moat de strjitte faker skjin makke wurde en moatte de ynwenners en toeristen it ôffal better opromje.