Tefolle winsken yn Nijefurd

© Omrop Fryslân
De gemeente Nijefurd hat mei in budzjet fan 750.000 euro net genôch jild om alle winsken fan de pleatslike belangen yn de gemeente út te fieren.
Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan de gemeente yn 2007. It giet dan bygelyks om fyts- en kuierpaden. Foar in oantal projekten sil de gemeente probearje eksterne finansiering oan te freegjen. Oer de projekten dy't oerbliuwe nimt de gemeenteried ein juny in beslút.