NK Skaken: Sipke wint fan Yge

© Omrop Fryslân
Sipke Ernst fan Damwâld wûn moandei yn de sechde rûnde fan it NK skaken yn Hilversum fan Yge Visser, dy't moandei noch klassemintslieder wie. Troch de winst stiet Ernst no mei 4 punten op in dield earste plak, mei Jan Smeets en Daniel Stellwagen. Visser is no fjirde op in heal punt achter Ernst.
Daan Brandenburg, de tredde Fryske dielnimmer, spile remise tsjin Manuel Bosboom. Tiisdei is in rêstdei, it toernoai giet woansdei fierder.