Bosz wol oanfalle mei Verbeek

Feyenoord rekkenet mei Verbeek op oanfallend fuotbal (foto Martin de Jong)
Feyenoord wol mei de nije trainer Gertjan Verbeek oanfallend fuotbal spylje. Dat sei technysk direkteur Peter Bosz moandei by de presintaasje fan de nije coach. Neffens Bosz hat Verbeek by Hearrenfean en Heracles bewiisd dat hy op mentaal en fysyk gebiet in goeie trainer is.
It is noch net wis hokfoar assistinten Gertjan Verbeek meinimme sil nei Feyenoord. Bosz en Verbeek binne hjiroer noch yn oerlis.