Pearse krokodil yn Easterwâlde

© Omrop Fryslân
Eaststellingwerf krijt in meldpunt Pearse Krokodil. It meldpunt is bedoeld foar boargers en bedriuwen dy't ûnnedige regels en de gefolgen dêrfan melde wolle by de gemeente. Ek ûndúdlike of ûnlogyske prosedeures binne wolkom.
It meldpunt is te finen op de site fan Eaststellingwerf. Wa't saken meldt krijt ek in reaksje. Alle meldings sille besjoen en brûkt wurde by it meitsjen fan nije belied.