Gaslek op AOC Bûtenpost

07 apr 2008 - 11:12

Learlingen fan it AOC yn Bûtenpost hawwe fan 'e moarn foar in gaslek soarge. De learlingen wienen mei in boar grûnmeunsters oan it nimmen. Dêrby hawwe se in lieding lek prikt. Hoewol it om in lyts lek giet, binne plysje en brânwacht earst útriden foar de helpferliening.

Op it stikje grûn njonken de skoalle wurde al 8 jier meunsters naam. Dat hat nea earder foar problemen soarge. De skoalle wist net fan de gasbuis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)