Ynterviewprojekt oer oarloch

© Omrop Fryslân
Learlingen fan OSG Sevenwolden en it Bornego College yn Skarsterlân sille dizze wike ynterviews hâlde mei minsken dy't de twadde wrâldoarloch meimakke ha. Dit wurdt dien foar it projekt 'Blijvend Bevrijd'.
De learlingen moatte der troch it hâlden fan ynterviews achter sjen te kommen hoe't jonge minsken yn de oarlochsjierren libben. En ek hoe't sy de befrijing belibbe ha. Sa'n 25 âlderen út Skarsterlân dogge mei.