Alteraasje troch loftballon

De ballonfarder wie fan doel fan Berltsum nei Grou te farren.
Yn Ljouwert hat in loftballon sneintejûn foar frijwat konsternaasje soarge. Om acht oere hinne foer de ballon flak oer de gebouwen fan Friesland Foods. It slagge de ballonfarder lang om let om wer hichte te krijen en koart dêrnei te lannen op bedriuweterrein de Hemrik.
Dêr waard hy opwachte troch de plysje. De ballonfarder wie fan doel fan Berltsum nei Grou te farren. Trochdat de wyn draaide pakte dat oars út.