Wildeboer poer op minister

Verburg hat bepaald dat by de Ljouwerter slachterij permaninte kontrolês plakfine sille.
Eigner Wildeboer fan slachterij Friesland Vlees is poer op minister Verburg. Dy hat snein bepaald dat by de Ljouwerter slachterij permaninte kontrolês plakfine sille.
De minister hat oanwizings dat by de oanfier fan fee min mei bisten omgien wurdt. Sa soene der te faak sike of ferwûne bisten binnen komme. Wildeboer seit dat alles in oarde is en begrypt neat fan de maatregel. Hy ferwachtet ek finansjele skea.