Fryske musea goed besocht

© Omrop Fryslân
De Fryske musea sjogge oer it generaal tefreden werom op it ôfrûne museumwykein. Troch it moaie waar op sneon wiene der yn musea yn de gruttere plakken wol wat minder besikers as oars yn yn museumwykein. It moaie waar wie dêrfan de oarsaak.
Benammen musea dy't sawol binnen as bûtendoar aktiviteiten hiene waarden goed besocht, foaral troch húshâldings. Yn it museumwykein kinne in soad musea fergees besocht wurde.