NK Skaken: Yge Visser op kop

06 apr 2008 - 21:30

Foar it begjin fan it NK skaken sei er noch dat it syn alderlêste NK wurde soe en dat hy hope ôfskie te nimmen mei in fatsoenlik resultaat. Mar Yge Visser hie grif net tocht dat hy nei fiif spylrondes allinnich oan kop gean soe. Visser wûn snein fan Manuel Bosboom en trochdat Friso Nijboer ferlear fan Rudy Janssen stiet de Fries-om-utens Visser (44) no earste.

Hy wurdt folge troch 7 spilers dy't mar in heal punt achterstân hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)